enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

stenen broden 001Dokkum de stêd fan St. Bonifacius

St.Bonifacius wie yn de 7e iew in geastelike, dy’t it roomske leauwen brocht hat yn Fryslân. Hy kaam út Ierlân en wie de opfolger fan St. Willibrord. Hy hat besocht om Redbad de kening fan de Friezen ta leauwen te bringen en it wie safier dat hy him dope su. Hy wie al mei ien fIut yn it doopwetter doe’t St. Willibrord him de tekst foarlês, wêryn stie dat hy syn Frysk leauwen ôfswarre moast.  Redbad waard sa lilk dat hy St. Willibrord ferbanne hat nei Helgoland, in eilân foar de kust fan Denemarken.

St. Bonifacius koe syn wurk oernimme sûnder problemen mei Redbad. Hiel Fryslân hat er troch reizge om it leauwen te bringen. Hy hat ek yn Beetstersweach west dat is te sjen oan de buorkerij Bethlehim, tsjinoer  it Hotel Lauswold. Bethlehim wie in dependânse fan it kleaster yn Smelle Ee yn de omjouwing fan Drachten.

Troch it protte reizgjen kaam er oeral ek yn streken wer net alles foarhannen wie. Sa kaam er op in lette jun mei de honger yn é hals by in boerespultsje. St. Bonifatius rûkte dat se krekt brea bakt hie. Mar hy krie neat. Se swarde dat se gjin brea hie en dat strafte God ôf troch It brea te feroaren yn stiennen.

Yn de Parochytsjerke fan de Hillige Bonifacius kinne jo it stiennen brea noch sjen yn de fitrine mei de boadskip: “Stean iepen foar de oar en diel wat je hawwe mei dyjinge dy’t net hat”

Ype Jan de Vries