It stedhûs fan Boalsert mei de moar boppeyn.
It stedhûs yn Boalsert
Ien fan ús 11 stêden is Boalsert. Eltse fries kin dit plakje fan de Alvestedentocht op ‘e fyts. Fan de Heamealwike mar ek as geboarteplak fan Titus Brandsma. En ynkoarten ek noch sil de R.K. Franciscustsjerke ferheffe wurde ta basilyk en der boppe op noch it Riedshûs.
It is in prachtich stedhûs, bout troch Jacob Gijsbert yn 1614-1617, de heit fan ús Fryske dichter Gysbert Japicks. Der is in protte wat besjen lijen docht, mar der is ien ding wat in ferliene hat en dat sit boppe yn de gevel. De kop fan in moar.
It wie yn de Tachtichjierrige Oarloch(1568 – 1648) en ús lân hat in protte te lijen hân yn dy tyd fan de Spaanse besetting ûnder Philips II.
Al reedlik gau, nei dat it klear wie, waard it stedhûs ynnommen troch de besetters en perfoarst de offisieren mei harren fersoargers en dat wiene Moaren. De slaven fan de Spanjoalen.
No hiene se net folle te dwaan dat feestfieren en sûpen wie alle dagen oan de oarder. Op in dei wie de greve van Nassau foar de poarten fan Boalsert en Boalserters hawwe doe de doarren iepen brutsen.
De Spanjoalen jouwden de moar de skuld. Dy krige it Spaans benaud en fleach nei boppe ta en woe troch in lyts finsterke nei bûten. Troch it goede libben wie er te fet wurden en hy koe noch foar noch efterút. Hy hat it net oerlibbe..
Letter hawwe se it finster ticht makke mei syn byltenis as oantinken oan dy tiid.
Ype J. de Vries