enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

gevelsteen FrjentsjerYn de tachtichjierrige oarloch- 1560 oant 1648-  wie Frjentsjer belegere troch ferskate fijannen, it Spaanse mar ek troch oare legers en opstannelingen, want yn stêden wie jild en iten. No hie  Frjentsjer al stedsrjochten foar 1417 dat de stêd wie troch walen en bolwurken goed te ferdigenjen. De iennige mooglikheid wie de stêd omsingelje en de ynwenners ferhongerje te litten want de stêd ynnimme der hiene de fijannen gjin middelen foar. By ien fan dy oanfallen die lang doarde wie de krapte oan iten sa dreech oan beide kampen dat der by de fijân de soldaten yn opskoart kamen allinnich bliuwe woene as se de stêd plonderje mochten. Yn Frjentsjer wie ek net best der wie ek gjin brea mear.

No wiene der yn Frjentsjer twa tûke famkes út in bakkerswinkel, dy’t noch twa breaen yn de winkel hiene. Tegearre fregen se belet oan by de froedskip. Se hiemen de breaen by harren en stelden de froedskip foar dizze oan de fijân te jaan. De froedskip  fûn dat in frjemd foarstel en fregen de famkes wat se der mei berikke wûnen. De famkes anderjen: wy witte dat de fijân it erch dreech hawwe want ek der is gjin iten mear. As wy dizze breaen oer de muorre smite dan sille se tinke dat wy noch genôch hawwe en dan fuortgean om earne oars oan iten te kommen.

Nei oerlis gong de froedskip akkoard mei it foarstel. Under eskorte fan de stedswacht gongen se nei de Stedspoarte. De famkes klommen de poarte op en se âljen nei de fijân : Hjir is brea foer jimme want wij hawwe noch genôch. Fijân trape der yn. Twa oere letter wie der gjin soldaat mear yn de omkriten fan Frjentsjer te bekennen.

It wie feest yn Frjentsjer.  Dizze famkes stien no yn it wapen fan Frjentsjer ôfbylde  sûnt.