enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

 Elske en Marten foto KimSchotanus

Foto: Kim Schotanus

 

‘Se songen prachtich twastimmich, begelieden harsels goed en stiene hearlik relaxed mei harren gitaarke op it poadium.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer broer en sus Elske (16) en Marten (18) Algra. It duo út Jobbegea waard de grutte winner fan SjONG, it Frysktalige sjongfestival foar jongerein.  Elske en Marten wûnen net allinne de priis foar bêste muzikale útfiering, mar ek nochris de priis foar bêste Fryske songtekst. 

In grôtfolle Neushoorn seach hoe’t Elske en Marten de oerwinning binnen songen mei it nûmer ‘Yn waar en wyn’, in Fryske oersetting fan ‘Calm after the storm’ fan The Common Linnets.‘Fantastysk hoe’t dit duo harren nûmer brocht, in leuke poadiumpresintaasje dêr’t wy fan genoaten’, sei sjonger Piter Wilkens dy’t mei Elske DeWall en Tet Rozendal de muzyksjuery fan SjONG 2017 foarme. Unanym keazen se foar de broer en suster út Jobbegea. 

De twadde priis gong nei Nynke Gijsen (15) en band. Dit famke út Heech stie op it poadium mei Eise Hille Lambers (piano), Jelcher Drent (basgitaar), Michiel Vossenberg (saksofoan) en Wouter Yntema (drums). De band foel op troch harren professionaliteit en it hege entertainment-gehalte. Se brochten it nûmer ‘Myn nije thús’, in cover fan ‘Feels like home’ fan Chantal Kreviazuk. De tredde priis gong nei sjongeres Rixt Rypma (17) út Folsgeare. ‘In geweldige sjongeres’, sa oardielde de sjuery. Rixt song it nûmer ‘Myn dream fan ea’, oftewol ‘I dreamed a dream’ yn de ferzje fan Susan Boyle.  

Winner bêste songtekst

Tekstsjuerylid Jurjen van der Meer nominearre koartlyn fjouwer songteksten en makke sneon bekend dat de tekst ‘Yn waar en wyn’, útfierd troch Marten en Elske Algra, de alderbêste wie. De tekst, skreaun op ‘Calm after the storm’ fan The Common Linnets, is net in fertaling. It ûnderwerp wie just hiel oars en dat fûn de sjuery moai: orizjineel en humoristysk. 

Winner YouTube-priis

It sjongduo Syta & Marije  (Syta van der Pas en Marije Dijkstra) út Feanwâlden gong nei hûs mei de SjONG YouTube-priis. Harren fideoklip ‘Mei ik dan by dy’ fan SjONG 2015 waard mear as 5000 kear besjoen op YouTube. Dat oantal views wie genôch om de YouTube-priis te winnen.

SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, organisearre troch Cedin. It fûn foar de achtste kear plak yn 2017. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje mei  eigen begelieding of op karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek in Fryske songtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.