enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

roel oostra kopieRIENTS

Rients is net mear en dat is noch mar kwalik ta my trochdrongen. De kranten ha der fol fan stien en wa bin ik dan om der noch wat oan ta te foegjen. Dochs kin ik it net litte in pear foarfaltsjes út myn ûnthâld op te djipjen. Sa is it begjin fan it doe spiksplinternije Gratama selskip foar my ûnferjitlik.

Freed 1 juli 1963 gong foar in útferkochte seal ‘Se moatte it mar witte’ yn première. Ik wie krekt in jier earder yn de Lawei terjochte kommen en moast eink alles noch leare. It selskip makke oerdei noch in lêste trochloop en ik hie in horecabidriuw ynhierd dat om in oere of fiif foar harren in treflik diner optsjinne.. Want ik hie it sechje fan Rients yn myn earen knope: Goedgeluimd de planken op!. It sil oan my net lizze, tocht ik doe. Mar it wie gjin sukses, ja, der wurde wol wat iten mar it measte bliuw stean. Jûns nei de tige slagge foarstelling frege ik gitarist Karst de Groot of it miel net lekker west wie mar dy sei; Der mankearde neat oan, né hear, mar wy wiene allegearre sa ferskriklik senuweftich, in broadsje tsiis wie mooi genôch west.

Der wie, sa as yn dy tiid wenst wie, ‘dûnsjen nei’ en dat rûn út yn in geweldich feest. Yn polonaise mei Jats (Tetman syn broer Jarich) foarop, troch in doar de tún yn en in rondsje om de betonnen bak mei wetter dy’t wy fiver neamden. Rients syn mem sei tsjin my: ‘Roel, kinne jo ús Rients ek wat delbêdsje? Hy is sa drok.’ Ik wit noch dat ik sei: ‘hy kin it wier wol ha, mar jo bin syn mem, dat it leit op jow wei.’
Dy foarstelling wie it begjin fan in echte freonskip. Né, net sa fan non stop by mekoar oer de flier komme of mei mekoar op fekânsje gean. Soms seagen we mekoar in pear jier net. Mar as we mekoar troffen wie it goed.

Yn de simmer fan 1965 hat Rients in wike of seis yn de Lawei útfanhûs west. Der moast in nij programme komme en thús wie it mei twa lytse bern wat rûzich. Hy socht in rêstich sté en fûn dat yn ús artiesten foyer. Sliepe op in bank, pen en papier mei, prachtich plakje. Moarns acht oere goaide ik dan in lyts sjintsje tsjin it rút, Rients kaam fan boppen en wy stapten tegearre nei it swimbad. Nei de baaijerij sette myn Corrie ús in buordsje Brinta foar en dan gongen we tegearre nei de Lawei.
In pear wike lien, yn ien fan de leste mailtsjes dy’t hy my stjoerde stie: Corrie har Brinta hat yndertiid wol fortuten dien want in bytsje Brinta is it ienichste wat ik der noch yn hâlde kin , , , ,

Twa saken dy’t my by Rients syn ôfskie troch de holle spylje. Ten earsten kin ik mar net begripe dat ‘se’ yn it kader fan Ljouwert2018 Rients syn musical Mata Hari oan de kant skood ha. In grutskalige M.H.Opera op priemmen sette, dy ôfkeure fanwege de sinten en no skynt in wat lytsere produksje út Ingelân te kommen.
Wol by syn ferstjerren de kranten folskriuwe hokfoar allround artiest hy wie, hokke trochtimmere teksten hy skriuwe koe, hoe Fryslân in grutte soan misse sil en dan in prima wurkstik dat krekt yn it plaatsje fan Leeuwarde2018 past yn it laad lizze litte. Dêr haw ik de smoar oer yn.

Ten twadde hoopje ik dat dat immen in kar út syn teksten meitsje sil en der in boek fan makket. Want hy hat prachtich wurk neilitten. Te goed foar it laad. Om of te sluten it lêste koeplet fan ‘In lietsje foar as ik fersille bin’.


                 Nei alle leafde, wille, soargen en fertriet
               is dit in liet foar elk foar jim’ dy’t noch bestiet
                 nei alle leafde, wille, soargen en fertriet
                         wol ik jim betankje mei dit liet.
Roel Oostra