enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

Yn 1898 waard de Feriening Nut en Genoegen yn De Kompenije oprjochte. It doel wie en hat ek altyd west, om de belangen fan ús doarp ûnder de oandacht te bringen by de Gemeente en oare ynstânsjes. Yn de rin fan de tiid waard by wichtige saken gauris nei de miening fan Nut en Genoegen frege. Yn de gearkomsten fan de leden wie ûntspanning en gesellichheid fan grut belang. Der moast yn elk gefal in kaartsje lein wurde kinne en dat wie yn dy jierren foar grifformearde tsjerkeminsken noch in brêge te fier.

Doe’t yn 1930 de Feriening Pleatslik Belang oprjochte waard, hat it even faai stien foar Nut en Genoegen, mar de leden binne dochs troch gien. Pleatslik Belang, dêr’t wol elkenien lid fan wurde koe, naam de wichtichste taken fan de eardere klub oer en waard no it oansprekpunt fan de Gemeente. Boer Jelle Gurbes Veenstra, in man mei grutte bestjoerskwaliteiten, kaam al rillegau ek in yn it bestjoer fan P.B. It hat lykwols even duorre eardat de ferhâldings tusken beide ferienings wat nofliker waarden.

En no, yn 2017, nei in bestean fan hast 120 jier, is fanwegen it feit dat der benei gjin leden mear wienen, Nut en Genoegen opheven. Mar der siet noch wat jild yn de pot. Marten van der Bij en Sietse Buursma ha oan it bestjoer fan de âldheidskeamer in slûfke oerlange mei dêryn € 218,65 en dêr binne wy hiel wiis mei. Wy sille derfoar soargje dat dit jild in passende bestimming krijt!

Saterdei 13 maaie begjint it nije seizoen en sil de âldheidskeamer wer iepen wêze. We ha alles opnij wat teplak set en sille ek yn it nije gedielte ien en oar tentoanstelle. Der is nammentlik de lêste tiid fan alles by ús brocht wat mei de skoalle te krijen hat en dat is bêst nijsgjirrich. Ek by Soarchbuorkerij It Fallaet binne op dizze Iepen Dei ferskate aktiviteiten. Dus, kom mar even del as jo yn de gelegenheid binne!

Net allinne it argyf fan Nut en Genoegen sil by ús in plakje krije, ek dat fan It Griene Krús, fan de Kuorbalferiening en de Toaniel-feriening ha wy yn bewar. Sa njonkenlytsen ha wy yn ús argyf ek al in moaie samling âlde keapaktes, hierkontrakten ensfh. Mochten jo no ek noch sokssawat thús ha en jo betrouwe dat wol oan ús ta, dan wolle we dat hiel graach fan jo oernimme. Dat jildt trouwens ek foar guod dat neat mei it argyf út te stean hat, mar wol nijsgjirrich genôch is om yn de âldheidskeamer útstald te wurden.

Op saterdei 8 july binne wy fan doel om by de âldheidskeamer in sneupersmerk te hâlden. Der kin fan allerhanne guod by ús ynbrocht wurde foar dizze merk. Even berjocht jaan oan Appie (342375) of Tseard (0651042692) en dan wurdt ien en oar regele.