enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

Ype de VriesHawwe jo er ek sa'n probleem mei it stimmen op 9 juny foar in nij regear? Jo binne dan grif net de ienige yn ús lân. 25% fan ús ynwenners witte it krekt wat se stimme sille. Mar ik net. Fan út myn leauwen soe it CDA wêze moatte mar trije jier lyn is it dochs PvdA wurden. Ik haw links myn stim joen om de kombinaasje tusken CDA en PvdA mogelik te meitsjen. En dat is bart.

Ik tink dat mear minsken doe sa redenearren. Alhoewol it net brocht hat wat wy graach woenen. Want no foar de fjirde kear hat Balkenende dit rit net útsitten en der bin ik poerrazend oer. Wy hawwe in in finansjeel opsicht in wrâldwide krises oer ús hinne krigen en wy witte dat der noch hiel wat besuniche en snoeit wurde moat om alles wer yn  stringen te krijen en dan kinne de hearen op iens net mear troch ien doar en is it smiten mei modder oan  oarder van  dei.

Ik jou Balkenende dêrfan de skuld. Nei trije mislearingen hie hy fan dizze kombinaasje in súkses meitsje kinnen. Mar hy woe dat net. Earstens it Irak rapport. Oardel jier hat it duorre en by de presintaasje nimt hy der yn earste ynstânzje ôfstân fan. Dan de rúzje oer Uruzghan. Elke kear de PvdA yn de gerdinen jeije. Je koene der op wachtsje dat it mis rinne soe. Balkenende hat yntellekt, dat wol fansels, mar it is perfoarst gjin biner. Hy moat it boek oer de regearperioade van Piet de Jong mar es lêze: wat dy ta stân brocht hat, sonder derby de earste fioele te spyljen, lyk as in ienheid te meitsjen mei syn meiwurkers. De gemeenteriedsferkiezing hat wol dúdlik makke dat de minsken yn ús lân it oars wolle. Natuerlik hawwe beide partijen in protte stimmen en sitten ferlend en is de kâns no foarby dat dizze partijen tegearre wêr de macht yn  regear hawwe.

No binne der in ùnfoarstelber oantal stimmen nei de gemeentelike en lokale partijen gien, koartom, alles is no noch mooglik. Iksels haw op 3 maart D66 stimt, om twa reden. Dizze partij wol net mei PVV yn it regear en de kâns is grut dat D66 troch de groei in mearderheid yn it regear oanbringe kin. Wat sil 9 juni ús bringe? De kâns is grut dat er in kombinaasje komt fan PvdA-CDA-CU en D66 mei Cohen as premier. De SP sil ek wol groeie mei de nije listlûker en soe mei Gr. Links ek oanskowe kinne. De PVV kin gelyk bliuwe of tebekrinne. Almere kin derby in haadrol spylje. De tiid sil it leare. Mar spannend is it.

Turfstekker

Fiifensechtich jier lyn sieten wy yn de dreechste tiid fan de oarloch 40-45. Nei de slach om Arnhem wie it ho mei de opmars fan ús befryders fan it Dútse jok en kaam der in lange tiid fan skermutselingen tusken de beide legers. Bewenners yn dy kontreien wiene de dupe. Moannen lang hawwe sy faak yn skûlkelders trochbringe moatten, wernei se by tûzenen noch ferhuzje moasten nei de noardelike provinsjes fan ús lân. Faak wie thús alles al tenein of ferrinnewearre en moasten se mei dat bytsje wat sy noch oerhienen rinnend op paad nei feiliger oarden.

Ek yn ús provinsje kamen in protte evakuees en se moasten allegearre ûnderbrocht wurde, faak mei leafde mar ek wolris mei twang en dan wie dat net altiten makIik. Myn lettere skoanmem hat dat ek witten. Sy wie de âldste út in hushâlding fan alve bern. In protte wennen yn de omjouwing en sa koe it wêze dat der sa'n tweintich minsken yn 'e hûs wiene en allegearre namen se harren bern, iten en bran mei.

De slachters yn de famylje soargen foar fleis, de kapper foar sjippe. Dernjonken wiene der trije ûnderdûkers yn 'e hûs. Foar dizze minsken wie in skûlplak boppe inkelde kasten yn 'e keamers. Boppe wie in grut lûk en as der dan ûnferwachts in razzia wie, dan moasten sy deryn en kaam it lûk ticht en it kleed deroer. No wiene der faak bern en dy moasten har wol stil hâlde fansels, dat is harren faak dúdlik ynpipere. No kaam er yn dy tiid ek in omke út Hollân en dy sliepte op solder, mar moast yn 'e nacht nei it húske. Hy murk it iepen lûk net op en makke der in flinke smak, dat alles wie wekker. It ienigste wat er sei wie: "allemaal geronnen bloed".

Noch jierren dernei wie it yn ús famylje - as oer dy tiid praten waard - in husrieme útdrukking. As wy it der no noch oer hawwe dan seit myn frou faaks: "de oarloch wie oer op 5 maaie 1945, mar dat wy wer mei ús eigen gesin wiene, wie dochs it moaiste".

Ype de Vries

Yn ús Fryske flagge stean sân pompeblêden. Dy stean foar de sân Fryske gewesten, dy't ferspraat wiene fan de Wezer yn Dústlân bylâns de kust oant België ta... Dat wie al sa foar ús jiertelling. De Romeinske oerhearskers hawwe der in ein oanmakke. Doe't yn 23 nei Chr. it Romeinske ryk oer wie, rûn de Fryske grins net fierder mear dan oant Dorestad (Wijk bij Duurstede). De stêd, wêr't de Friezen hannel dienen mei it Romeinske soltate folk.

No hawwe friezen altiten in útfleanend folkje west, dat is no sa en dat wie yn dy tiid ek al sa. Se hawwe bygelyks west yn Itaalje en Spanje. Blanke minsken mei blauwe eagen, dy't der wenje moatte neikommelingen fan Friezen wêze. Yn de trettjinde ieu hawwe ferskate Friezen, yn it âld Frysk, opskreaun wat foar in gruts folk de Friezen binne. Sa hat Freya, de goadin fan de Friezen it oanjoen. Alles is oersetten út it âld Frysk yn it Hollânsk en festlein yn it 'Thet Oera Linde Bok' roch C. v.d. Linden út Den Helder yn 1870.

Nea hat in boek oer it Fryske Folk safolle minsken yn'e besnijing hân, as krekt dit boek. Yn de wetten fan Freya stiet û.a. artikel 5: Fjouwer thinga send to jvwe not jêven, mith nàma; loft, wêter, lànd and fjur. Men Wralda wil thèr allêne bisittar of wêsa. Thèvmbe rêd ik jo, jo skilun jo rjuchtfèrdiga manna kyasa, tham thju arbèd and tha früchda nêi rjuchta dèla, sâ that nâmman fry fon wârka ni fon wâra sy. Oerset yn it hjoeddeistige Frysk betsjut dit: Fjouwer dingen binne jo joen ta genot, mei namme; loft, wetter, lân en fjoer; mar Wralda wol dêrfan allinnich de besitter wêze. Derom ried ik jo oan; Jo sille rjochtfeardige malju kieze, dy de arbeid en de fruchten ferdiele, sa dat nimmen frij fan wurkjen noch fan ferwarren (ferdigenjen) is.

Sa wurdt de Fries troch ferskate wetten foarhâlden hoe hij libje moast. Troch Dr. J.G. Ottema is yn 1876 in ûndersyk dien nei de echtens fan it boek. Hy kaam ta de konklúzje dat de stikken út de trettjinde ieu echt binne, mar yn it selde jier skriuwt J. Bekkering Vinckers dat it net echt en in jier letter H. Kuipers dat Bekkering dat net bewize kin. Dernei binne der jierrenlang wol minsken west dy't harren harren bûcht hawwe oer de ynhâld fan dit bysûndere boek. De lêste wie Goffe Jensma yn 2005. Hy seit: it Oera Linde Boek is in parody om oer te gnizen. It kin net echt wêze mar is skreaun troch Piet Paaltjes de dichter en dominee, dy't yn dy tiid ek dominee west hat yn Den Helder. Mar bewize koe Jensma dat ek wer net. It sil wol in ivich in riedsel bliuwe.

Turfstekker