enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

Ype de VriesIn idealist is immen, dy’t stribbet nei it folslein meitsjen fan in situaasje foar himsels of foar de mienskip. It eigen belang is derby altyd oanwêzich yn ien of oare foarm allinnich sil dat slagje as oaren dermei ynstimme en dat folgje kinne. No slagget net elke idealist yn syn opset. Slagget it wol dan wol dat noch net sizze, dat it ideaal dat hy/ sy bewurkmastere hat, ek datjinge wurden is dat de idealist foar eagen stie. En as it ferkeard útpakt dan romhertich tajaan dat it idee net brocht wat de idealist graach tastân bringe woe. Der binne mar in pear minsken, dy dat dan ek tajouwe. Bygelyks de Amerikaan Alan Greenspan en de Nederlanner Sicco Mansholt hawwe oan de ein fan harren wurkpaad harren fysje bystelt en tajûn dat it oers moatten hat.

Alan Greenspan berne op 6 maart 1926. Hy waard doktor yn de ekonomy yn 1977. Yn 1987 waard hy foarsitter fan de FED. Krapoan 19 jier stie de wrâld stil as de hear Greenspan syn fysje joech oer it ekonomysk bestel. Hy wie foarstanner fan in free-marketeconomy. Yn 2007 naam er ôfskied en foarsei doe al in reses yn Amearika. Hy joech ta dat hy der gjin rekken mei hâlden hie dat it eigenbelang oerhearske soe boppe it bedriuwsbelang. Wy witte no wat dat foar de wrâld ynhalen hat.

Sicco L. Mansholt wie ek sa’n man. Berne op 14 septimber 1908 as boeresoan. Nei de HBS en Tropyske Lânbou skoalle yn Deventer wie der twa jier (tee)planter yn Java. Hy woe boer wurde en kaam terjochte yn de Wieringermeer(1937). Nei ferskate politike funksjes waard hy yn 1958 lânboukommissaris yn de Europeeske kommisje. Hy wie ferantwurdlik foar de ynfiering fan de subsydzjes en skaalfergrutting fan ‘e lânbou. Doe hy mei pensjoen gong yn 1973 kaam hy troch de dielname oan de Klup fan Rome ta in oar ynsicht. De diskusje oer it hjoeddeistige greidebedriuw is der in foarbyld fan. Idealisme is goed, stribje nei in ideaal noch better, mar tajaan dat it net goed is, is fan in gâns oare oarder!

Turfstekker.

Ype de VriesDrachten wol sa graach it spoar by de doar. Al mannich Smellingerlâns boargemaster hat der dwaande mei west. It kin dochs ek net, sa'n grutte stêd mei safolle mooglikheden. Drachten wol foarút. Al yn 1998 waard de kommisje Langman ynsteld want it Noarden moast mei yn de feart der folken. Yn 2001 soe it wêze. It pearske kabinet soarge foar de Langmanjilden. It Noarden krych de kâns om ta ûntjouwing te kommen. 2,73 miljard euro soe beskikber komme.
Hiele ûndersikings binne der west om de Suderseeline fan 'e grûn te krijen. Yn 2003 fersteurde Mevr. Peijs it mearke fan it Noarden. It wie jild fan ferskate departeminten, yn it bysûnder fan Ferkear en Wettersteat en bestimt foar asfalt en beton en net foar in trein. In snelle Suderseetrein soe der net komme dy't al in pear jier stie te pronken yn Drachten. It Noarden soe mei eigen finansjele middels de trein realisearre moatte. En dêr binne se no mei dwaande. De Gemeente Smellingerlân sil sels 20 miljoen opbringe moatte om in trein yn Drachten stopje te litten en dan en ek noch mar oer in inkel spoar. De boarger soe mei betelje moatte en der wie de Gemeenterie it net mei iens. No wurdt er iverich socht nei potsjes mei jild om oan dizze ferplichting foldwaan te kinnen, mar sa it der no nei útsjocht moat de boarger 5% mear oan OZB-belesting opbringe yn 2010. En dat is noch mar it begjin. Hoefolle jierren moat de boarger yn Drachten noch bliede, want de reserves wurde no al ta in maksimum oansprutsen. No hat it altyd sa west, dat de ynfrastruktuer in saak is fan it regear en net fan de boarger. En dan hawwe wy lêze kinnen, dat de NS oan de ministers Eurlings en Bos 1400 miljoen euro oan dividind oermeitsje om it spoar yn 'e rânestêd spoarboekleas yn te rjochtsjen. Kin der no net 24 miljoen foar Smellingerlân ôf om de gemeente en de boarger hjir wat temjitte te kommen?

Turfstekker

Ype de VriesEltsenien hat wol es heard fan it kamp ‘Feanhuzen''. It no in finzenis, mar it hat net altiten sa west. It hat in grutte skiednis. Nei de oerhearsking troch Napoaleon wie der yn ús lân bitter earmoede . Krekt as nei de wrâldoarloch ’40-45 wie it lân  leech rôve. Dêrtroch wiene der in  protte swabbers en swalkers en bidlers. It bettere folk wie dat in grouwel.

Kapitein v.d. Bosch, de lettere generaal v.d. Bosch fan de Stifting foar Tsjinstberens, wie faak oant jeien yn dizze omkriten en kaam op it idee in kamp yn te rjochtsjen, foar dizze minsken, foar de wer-opfieding ta bettere boargers. It wie moai ein fan de bewende wrâld en nimmen hie der lêst fan. It wie it útskot fan de maatskippij.

It wie 1820. Wiene je ienkear derhinne transporteart, dan kamen jo der net wer wei. In protte gemeenten makken der destiids graach gebrûk fan om minsken kwyt te wurden. In gesin bygelyks, wêrfan de heit wurkleas waard, koe mei moaie wurden, der hinne stjoerd wurde. By oankomst waard it gesin skieden en libben de bern de froulju en manlju yn aparte barakken. Ien yn ‘e wike seagen se elkoar ûnder tafersjoch fan de bewakers. It ienige eigens wat se hiene wie in kopke in pantsje en in  leppel. Tûzenen  minsken hawwe der yn dy tiid trochbrocht yn earmoede sûnder útsjoch op sosjale ferbettering.

Suzanne Jansen hat  der in boek oer skreaun: It pauperparadys. No is der ek in toanielstik: Utskot oer makke wat spiele wurdt troch teatergroep E Poi  yn Feanhuzen.. Tsien spilers  bringe jo op teatrale wize werom yn dy tiid. It is in yngripend relaas wat jo sjen moatte, sittend tusken de spilers. Sjoch op http://www.epol.org foar alle ynformaasje. It is de reis wurdich.

Turfstekker             

Sjoch ek op www.pluskrant.nl  2010-09-15