enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

Ype de VriesIn idealist is immen, dy’t stribbet nei it folslein meitsjen fan in situaasje foar himsels of foar de mienskip. It eigen belang is derby altyd oanwêzich yn ien of oare foarm allinnich sil dat slagje as oaren dermei ynstimme en dat folgje kinne. No slagget net elke idealist yn syn opset. Slagget it wol dan wol dat noch net sizze, dat it ideaal dat hy/ sy bewurkmastere hat, ek datjinge wurden is dat de idealist foar eagen stie. En as it ferkeard útpakt dan romhertich tajaan dat it idee net brocht wat de idealist graach tastân bringe woe. Der binne mar in pear minsken, dy dat dan ek tajouwe. Bygelyks de Amerikaan Alan Greenspan en de Nederlanner Sicco Mansholt hawwe oan de ein fan harren wurkpaad harren fysje bystelt en tajûn dat it oers moatten hat.

Alan Greenspan berne op 6 maart 1926. Hy waard doktor yn de ekonomy yn 1977. Yn 1987 waard hy foarsitter fan de FED. Krapoan 19 jier stie de wrâld stil as de hear Greenspan syn fysje joech oer it ekonomysk bestel. Hy wie foarstanner fan in free-marketeconomy. Yn 2007 naam er ôfskied en foarsei doe al in reses yn Amearika. Hy joech ta dat hy der gjin rekken mei hâlden hie dat it eigenbelang oerhearske soe boppe it bedriuwsbelang. Wy witte no wat dat foar de wrâld ynhalen hat.

Sicco L. Mansholt wie ek sa’n man. Berne op 14 septimber 1908 as boeresoan. Nei de HBS en Tropyske Lânbou skoalle yn Deventer wie der twa jier (tee)planter yn Java. Hy woe boer wurde en kaam terjochte yn de Wieringermeer(1937). Nei ferskate politike funksjes waard hy yn 1958 lânboukommissaris yn de Europeeske kommisje. Hy wie ferantwurdlik foar de ynfiering fan de subsydzjes en skaalfergrutting fan ‘e lânbou. Doe hy mei pensjoen gong yn 1973 kaam hy troch de dielname oan de Klup fan Rome ta in oar ynsicht. De diskusje oer it hjoeddeistige greidebedriuw is der in foarbyld fan. Idealisme is goed, stribje nei in ideaal noch better, mar tajaan dat it net goed is, is fan in gâns oare oarder!

Turfstekker.