enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

'Fiifensechtich jier lyn sieten wy yn de dreechste tiid fan de oarloch 40-45. Nei de slach om Arnhem wie it ho mei de opmars fan ús befryders fan it Dútse jok en kaam der in lange tiid fan skermutselingen tusken de beide legers. Bewenners yn dy kontreien wiene de dupe. Moannen lang hawwe sy faak yn skûlkelders trochbringe moatten, wernei se by tûzenen noch ferhuzje moasten nei de noardelike provinsjes fan ús lân. Faak wie thús alles al tenein of ferrinnewearre en moasten se mei dat bytsje wat sy noch oerhienen rinnend op paad nei feiliger oarden.
Ek yn ús provinsje kamen in protte evakuees en se moasten allegearre ûnderbrocht wurde, faak mei leafde mar ek wolris mei twang en dan wie dat net altiten makIik. Myn lettere skoanmem hat dat ek witten. Sy wie de âldste út in hushâlding fan alve bern. In protte wennen yn de omjouwing en sa koe it wêze dat der sa''n tweintich minsken yn ''e hûs wiene en allegearre namen se harren bern, iten en bran mei.
De slachters yn de famylje soargen foar fleis, de kapper foar sjippe. Dernjonken wiene der trije ûnderdûkers yn 'e hûs. Foar dizze minsken wie in skûlplak boppe inkelde kasten yn ''e keamers. Boppe wie in grut lûk en as der dan ûnferwachts in razzia wie, dan moasten sy deryn en kaam it lûk ticht en it kleed deroer. No wiene der faak bern en dy moasten har wol stil hâlde fansels, dat is harren faak dúdlik ynpipere. No kaam er yn dy tiid ek in omke út Hollân en dy sliepte op solder, mar moast yn 'e nacht nei it húske. Hy murk it iepen lûk net op en makke der in flinke smak, dat alles wie wekker. It ienigste wat er sei wie: "allemaal geronnen bloed".
Noch jierren dernei wie it yn ús famylje - as oer dy tiid praten waard - in husrieme útdrukking. As wy it der no noch oer hawwe dan seit myn frou faaks: "de oarloch wie oer op 5 maaie 1945, mar dat wy wer mei ús eigen gesin wiene, wie dochs it moaiste".',

Ype de VriesYn ús Fryske flagge stean sân pompeblêden. Dy stean foar de sân Fryske gewesten, dy't ferspraat wiene fan de Wezer yn Dústlân bylâns de kust oant België ta... Dat wie al sa foar ús jiertelling. De Romeinske oerhearskers hawwe der in ein oanmakke. Doe 't yn 23 nei Chr. it Romeinske ryk oer wie, rûn de Fryske grins net fierder mear dan oant Dorestad (Wijk bij Duurstede). De stêd, wêr 't de Friezen hannel dienen mei it Romeinske soltate folk. No hawwe friezen altiten in útfleanend folkje west, dat is no sa en dat wie yn dy tiid ek al sa. Se hawwe bygelyks west yn Itaalje en Spanje. Blanke minsken mei blauwe eagen, dy 't der wenje moatte neikommelingen fan Friezen wêze.

Yn de trettjinde ieu hawwe ferskate Friezen, yn it âld Frysk,opskreaun wat foar in gruts folk de Friezen binne. Sa hat Freya, de goadin fan de Friezen it oanjoen. Alles is oersetten út it âld Frysk yn it Hollânsk en festlein yn it 'Thet Oera Linde Bok' troch C. v.d. Linden út Den Helder yn 1870. Nea hat in boek oer it Fryske Folk safolle minsken yn 'e besnijing hân, as krekt dit boek. Yn de wetten fan Freya stiet û.a. artikel 5: Fjouwer thinga send to jvwe not jêven, mith nàma; loft, wêter, lànd and fjur. Men Wralda wil thèr allêne bisittar of wêsa. Thèvmbe rêd ik jo, jo skilun jo rjuchtfèrdiga manna kyasa, tham thju arbèd and tha früchda nêi rjuchta dèla, sâ that nâmman fry fon wârka ni fon wâra sy. Oerset yn it hjoeddeistige Frysk betsjut dit: Fjouwer dingen binne jo joen ta genot, mei namme; loft, wetter, lân en fjoer; mar Wralda wol dêrfan allinnich de besitter wêze. Derom ried ik jo oan; Jo sille rjochtfeardige malju kieze, dy de arbeid en de fruchten ferdiele, sa dat nimmen frij fan wurkjen noch fan ferwarren (ferdigenjen) is. Sa wurdt de Fries troch ferskate wetten foarhâlden hoe hij libje moast.

Troch Dr. J.G. Ottema is yn 1876 in ûndersyk dien nei de echtens fan it boek. Hy kaam ta de konklúzje dat de stikken út de trettjinde ieu echt binne, mar yn it selde jier skriuwt J. Bekkering Vinckers dat it net echt en in jier letter H. Kuipers dat Bekkering dat net bewize kin. Dernei binne der jierrenlang wol minsken west dy 't harren harren bûcht hawwe oer de ynhâld fan dit bysûndere boek. De lêste wie Goffe Jensma yn 2005. Hy seit: it Oera Linde Boek is in parody om oer te gnizen. It kin net echt wêze mar is skreaun troch Piet Paaltjes de dichter en dominee, dy 't yn dy tiid ek dominee west hat yn Den Helder. Mar bewize koe Jensma dat ek wer net. It sil wol in ivich in riedsel bliuwe.

Turfstekker

Ype de VriesDrachten wol sa graach it spoar by de doar. Al mannich Smellingerlâns boargemaster hat der dwaande mei west. It kin dochs ek net, sa'n grutte stêd mei safolle mooglikheden. Drachten wol foarút. Al yn 1998 waard de kommisje Langman ynsteld want it Noarden moast mei yn de feart der folken.

Yn 2001 soe it wêze. It pearske kabinet soarge foar de Langmanjilden. It Noarden krych de kâns om ta ûntjouwing te kommen. 2,73 miljard euro soe beskikber komme. Hiele ûndersikings binne der west om de Suderseeline fan 'e grûn te krijen. Yn 2003 fersteurde Mevr. Peijs it mearke fan it Noarden. It wie jild fan ferskate departeminten, yn it bysûnder fan Ferkear en Wettersteat en bestimt foar asfalt en beton en net foar in trein. In snelle Suderseetrein soe der net komme dy't al in pear jier stie te pronken yn Drachten. It Noarden soe mei eigen finansjele middels de trein realisearre moatte.

En dêr binne se no mei dwaande. De gemeente Smellingerlàn sil sels 20 miljoen opbringe moatte om in trein yn Drachten stopje te litten en dan en ek noch mar oer in inkel spoar. De boarger soe mei betelje moatte en der wie de Gemeenterie it net mei iens. No wurdt er iverich socht nei potsjes mei jild om oan dizze ferplichting foldwaan te kinnen, mar sa it der no nei utsjocht moat de boarger 5% mear oan OZB-belesting opbringe yn 2010. En dat is noch mar it begjin. Hoefolle jierren moat de boarger yn Drachten noch bliede, want de reserves wurde no al ta in maksimum oansprutsen. No hat it altyd sa west, dat de ynfrastruktuer in saak is fan it regear en net fan de boarger. En dan hawwe wy dizze wike lêze kinnen, dat de NS oan de ministers Eurlings en Bos 1400 miljoen euro oan dividind oermeitsje om it spoar yn 'e rânestêd ‘poarboekleas’ yn te rjochtsjen. Kin der no net 24 miljoen foar Smellingerlân ôf om de gemeente en de boarger hjir wat temjitte te kommen?

Turfstekker