enquete
 
Bekkema
 
warrenhove
 
damhus
 
bewegingscentrum
 
abd pluskrant banner
 
humanitas
 
museumdr8888
 
smelneserfskip
 
meldij
 
rebbers
 
Uitinmedia

 Lindeboom

 

nieuwsbrief sunenz

Jan Sijes

roel oostra kopieZo langzamerhand begin ik bij de oudere generatie te horen die verbluft rondkijkt in de wereld van I-pods en I-pads, van Twitter en Faceboek, van Clouds en Internet en noem maar op. Vindt het geweldig dat ik dit allemaal mee mag maken en kan soms niet begrijpen dat wij vroeger zonder al die prachtige uitvindingen toch ook plezierig door de tijd kwamen.

Nou ja, toen je vroeger naar de buren moest om te vragen of je hun telefoon even mocht gebruiken wist je nog niet dat één generatie later snotaapjes van een jaar of tien al met een mobiel telefoontje in het rond sprongen.
En soms denk je nog wel eens aan “toen” .Er zijn er meer die dat doen. Anders zou de club van Smelne’s Erfskip niet zo’n succes zijn.

Eén dezer dagen waaide mij in de prachtige boekwinkel die we hier in Drachten hebben in boekje yn hannen oer it libben fan Jan Sijes Dijkstra. Frysk skipper, hannelsman en beropsrider stiet op it omkaft. Uteraard fertelt Jan hoe’t er rûn it begjin fan de foarige ieuw troch de tiid kaam , oer syn krewearjen as hannelsman, oer syn frachtboaten en frachtferfier, koartom, hy rêdde it op. Ut dit boek wurdt men goed gewaar hoe of it libben yn in hûndert jier feroare is.

Om mei Kerst Huisman, dy it foaropwurd skreun hat, te sprekken : It is moai dat de skriftelike delslach fan dit aventoerlike en ûndernimmende libben bewarre bleaun is sadat ek de minsken der mear as in ieu letter oer leze kinne.
Wat my yntrigearre wie de oankundiging op it titelblêd ‘beropsrider’. It gong net oer hynders, né, it gong oer reedriden. Eartiids wiene der winters yn lykernôch elk doarp hurd riderijen op de koartebaan om jildprizen. Voor Mannen of Voor Vrouwen of Voor Paren. Yn it boek stiet in list mei plaknammen wêr as Jan Dijkstra op ‘e koartebaan in pear sinten besocht te fertsjinjen. Dat slagge fansels net op alle plakken. Mar bygelyks yn ‘1886 Roordahuizum-mannen’ wurde hy twadde en ynkassearre fyftjin goune, 29 Desimber 1890 wûn er ‘Voor Paren’ yn Dokkum mei Wimke Wester de preemje en dy wie sechstig goune. Dit soarte fan prizen, werfoar sporters fan tsjintwurdich de noas foar ophelje, wiene doetiids wichtich foar libbens ûnderhâld. Want fan al it prizejild dat hy yn 1890 wûn kocht hy yn Akkrum in wenhûs, in winkel en in pakhûs . . . En der moast foar knokt wurde ! Sa stiene der op 27 jannewaris 1885 in Lekkum net minder dan 88 man op ‘e list.. Jan wurde twadde,’ prijs niet bekend’ stiet yn it boek.

Koartom, in kreas útfierd boekje, ynbûn, moai papier en te krijen by boekhannel van der Velde , de AFûK yn Ljouwert, it Scheepvaartmuseum yn Snits en Bruna Grou.

Roel Oostra